Mear dinne-oanplant op Skylge

20 feb 2012 - 14:09

Op Skylge komme wer lytse stikjes dinnebosk werom nei de grutskalige kap fan dinnen op it eilân. Steatsboskbehear op Skylge plantet dit jier noch nije dinnebeammen. Mei de grutskalige kap moast in mear mingd bosk makke wurde mei mear oare soarten beammen.

Op guon plakken dêr't no gjin beam mear stiet, komme lykwols dochs wer dinnen te stean en dat hat alles te krijen mei twa lytse, mar tige seldsume orchideeën. It giet dan om de dinne-orchis en de lytse krobbe-orchis. Dy ha dinnebosken nedich om te oerlibjen.

Trefwurden: 
Dinnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)