Cambuur kampioen neffens AD

06 maaie 2014 - 11:44
  • Yuri Rose (L) en trainer Henk de Jong

Neffens it Algemeen Dagblad is SC Cambuur kampioen fan de earedivyzje wurden as it giet om klups dy't yn positive sin ferrast hawwe dit seizoen. De krante hat in top 3 makke fan klups dy't neffens in tal fêste fuotbalfolgers fan AD Sportwereld de earedivyzje opfrist ha. Cambuur hat neffens dizze groep dien wat se dwaan moasten.

Njonken Cambuur krije ek Go Ahead Eagles en PEC Zwolle de lokwinsken foar in geweldich fuotbalseizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)