Namme Sportopol nij op It Fean

20 feb 2012 - 12:57

Alle sportfoarsjenningen fan Sportstêd Hearrenfean hawwe sûnt moandei de namme Sportopol krigen. Dat betsjut letterlik haadstêd fan sport.

Under Sportopol falle de turnhal, de ferskate sporthallen, it fitness-sintrum, it swimbad, de dojo en de squashbanen. De namme Sportstêd Hearrenfean bliuwt gewoan bestean, mei fansels it Abe Lenstrastadion en Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)