CDA wol útstel beslút Thialf

20 feb 2012 - 12:46

It CDA yn provinsjale steaten stjoert oan op útstel fan it beslút oer nijbou fan Thialf by it Abe Lenstrastadion. De partij komt mei D66 mei in oanpast foarstel, om woansdei nijbou op dat plak wol goed te ûndersykjen, mar pas nei de simmer definityf in beslút te nimmen. Noch net alle partijen hawwe har oer de nijbou útsprutsen, mar de kâns is grut dat der op dit stuit noch gjin mearderheid is.

In grut tal partijen, wêrûnder de koalysjepartijen PvdA en FNP tinke dat nijbou op it besteande plak like goed kin, wylst dat minder jild kostet.

Mei it foarstel foar útstel rjochtet it CDA him foaral ek op de ChristenUnie en de PVV. Dy beide partijen hawwe noch net eksplisyt sein hokker lokaasje har foarkar hat.

De kosten foar de nijbou fan Thialf by it Abe Lenstrastadion wurde rûsd op 100 miljoen euro. De provinsje en de gemeente soene dêrfan 40 miljoen euro betelje moatte. By nijbou op it besteande plak binne de kosten de helte leger.

Trefwurden: 
Provinsjale Steaten Thialf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)