85.000 besikers op festival

Tusken de 80 en 85.000 minsken wiene moandeiop it befrijingsfestival Fryslân yn Ljouwert. Dat seit de organisaasje. De sfear wie goed en ek neffens de plysje is alles rêstich ferrûn. Trije minsken binne oanhâlden foar mislediging of mishanneling en der der binne wat boetes útdield foar wyldpisjen.
Op tal fan poadia spilen bands en troch it moaie waar wie it oeral gesellich drok. Takom jier is it 70 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. De organisaasje wol dan noch grutter útpakke.
Der wurdt nei mear budzjet socht sadat ek in grutte artyst it festival muzikaal ôfslute kin.