Brânwachtpakken foar Roemenië

06 maaie 2014 - 06:54

Sa'n 50 âlde brânwachtpakken fan it korps fan Kollum wurde ynkoarten yn Roemenië brûkt. Op dit stuit is in delegaasje fan fjouwer Kollumer brânwachtminsken yn it lân om te soargjen dat it guod op it goeie plak telâne komt. De brânwacht yn Roemenië hat in soad ferlet fan it guod. Jierren lyn binne de kontakten al ûntstien. Der binne earder ek al brânwachtauto's hinne brocht. De minsken yn Roemenië binne tige tankber.

Wethâlder Jelle Boerema fan de gemeente Kollummerlân is ek mei. Hy docht kontakten op op bestjoerlik nivo.

Trefwurden: 
Kollum brânwacht Roemenië
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)