Oanpak radio-ûntfangst omrop

Omrop Fryslân ûndersiket oft mei in helpstjoerder op de mêst yn Smilde wat dien wurde kin oan de ûntfangstproblemen yn it súdeasten fan de provinsje. De omrop hat in oanfraach yntsjinne by it Agintskip Telekom om sa'n ekstra stjoerder yn de loft te bringen.
Saakkundigen fan KPN hawwe útsocht dat soks it bêste kin op 92.5 FM, in frekwinsje tichtby de gewoane Omropfrekwinsje fan 92.2 FM. Earder hat de omrop besocht om de ûntfangstproblemen op te lossen troch de stjoerder de ferpleatsen fan Jirnsum nei Smilde.
Dat soarge lykwols foar problemen yn it noardwesten en noardeasten fan de provinsje. De kommende tiid moat dúdlik wurde oft in ekstra stjoerder - mei in relatyf lyts fermogen - wol soargje kin foar in bettere ûntfangst. It Agintskip Telekom moat de oanfraach noch beoardielje. Oare omroppen, mei stjoerders mei likernôch deselde frekwinsje, kinne ek noch beswier meitsje tsjin de oanfraach fan Omrop Fryslân.
De Nederlanske radio makket sûnt 1954 gebrûk fan FM-stjoerders. Wilens wurdt der wurke oan in nije wize fan radiodistribúsje, mei DAB+. Grutte lanlike radiostjoerders hawwe al stjoerders opsetten foar dizze nije foarm fan digitale radio.
De regionale omroppen moatte ek in digitaal net opsette yn de mande mei in oantal kommersjele stjoerders. Underhannelings hjiroer rinne noch.