Koperstellerij yn Mantgum
By de Nederlânsk Herfoarmde tsjerke oan de Van Galemawei yn Mantgum binne sneintenacht koperen bliksemôflieders stellen. Dat meldt de plysje fan Snits op Twitter. It is al de tredde tsjerke yn de gemeente Littenseradiel dêr't koper stellen is. De skea wurdt rûze op 800 euro.