Bruno Rummler wint Liet 2014

05 maaie 2014 - 19:40

Singer-songwriter Bruno Rummler fan Warns hat moandeitejûn it Frysk sjongfestival Liet wûn. De sjuery ûnder lieding fan foarsitter Sjoerd Bootsma joech it ferske 'Beppe' 34 punten. It wie neffens de sjuery 'de moaiste komposysje, in hiel oprjocht nûmer en it siet technysk goed yn inoar.'

It ferske 'Wyn' fan de Makkumer Blues Brothers wie de favoryt fan it publyk. De finale fan Liet waard holden op it Befrijïngsfestival op it muzykpoadium yn de Prinsetún.

Bruno Rummler sil Fryslân ynternasjonaal fertsjintwurdigje op de tsiende edysje fan Liet International. Dat sil plakfine op 12 desimber yn de Noard-Dútske stêd Oldenburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)