Noflike sfear yn Ljouwert

Tsientûzenen besikers wiene moandei yn de Ljouwerter binnenstêd foar it tradisjonele befrijïngsfestival. Op ferskate poadia spilen bands en artysten en op de Grienewei stienen tal fan stands mei alle mooglike aktiviteiten en ynformaasje.
De Prinsetún wie benammen it dekôr foar kreative aktiviteiten foar bern. Mei troch it moaie waar wie it op al dy plakken gesellich drok. It fieren stie sintraal, mar ek foar it boadskip fan frijheid wie in soad omtinken by stands fan bygelyks it COC en Amnesty International.