Oaljeflek yn grêften Warkum

05 maaie 2014 - 16:51

Yn de grêften fan Warkum driuwt in grutte oaljeflek. It giet om in yllegale loazing fan diseloalje en smaroalje, dy't oer in pear kilometers ferspraat is. It wetterskip hat maatregels troffen om fierdere fersprieding foar te kommen. De oaljeflek is sneontejûn meld fia it miljeu-alarmnûmer. De oalje moat freedtenacht of sneontemoarn betiid yn de grêft smiten wêze. Der is gjin spoar fan de dieder.

Wettersporters ha in soad lêst fan de oalje en ek binne fûgels fersmoarge. In bedriuw is moandei begûn om de oalje op te rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)