Kânsen foar Weening yn Giro

Pieter Weening © Omrop Fryslân, Minke Jorna
Hurdfytser Pieter Weening start kommende freed yn Belfast yn de earste etappe fan de Giro d'Italia. Syn ploech Orica-GreenEdge giet yn de Giro yn alle gefallen foar de winst yn de ploege-tiidrit. De ploech einige ferline jier as twadde by it WK-tiidriden en wûn de ploegetiidrit yn de Tour De France. Neffens de ploechlieder is Pieter Weening yn topfoarm en hat er kâns op in etappe-oerwinning. De Harkyt is de lêste Nederlanner dy't de rôze trui ferovere, dat wie trije jier lyn.