Gjin oanjefte fermiste sylboat

05 maaie 2014 - 11:01

De saak fan de bedriging op in sylboat dit wykein rint úteinlik ôf sûnder oanjefte. It gong om in saak yn de relasjonele sfear neffens de plysje. De plysje frege sneon de help fan it publyk by it finen fan de sylboat. Der wie in melding kaam dat fan de opfarrenden bedrige wêze soe. De boat is sneintemiddei úteinlik oantroffen by Heech.

Nei petearen mei de opfarrenden docht bliken dat der ûnderling spul wie, mar der wurdt gjin saak fan makke. Neffens de plysje waard boargernet ynskeakele, om't de boat oars dreech te finen wie.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)