Gjin sirenes op earste moandei
De sirenes geane moandei om 12.00 oere net ôf, wat oars altyd wol sa is op de earste moandei fan de moanne. Omdat it befrijingsdei is, wurdt it net dien. De sirenes wurde ek net op in oar momint test. Se binne net earder wer as op moandei 2 juny te hearren.