Drokte ferwachte op festival

05 maaie 2014 - 09:36
  • Befrijingsdei 5 maaie

De organisaasje fan it jierlikse Befrijingsfestival yn Ljouwert hopet moandei op sa'n 80.000 besikers. Ljouwert is ien fan de 14 stêden dêr't sa 'n festival hâlden wurdt. Fan 13.00 oere oant 23.00 oere binne der optredens fan 30 bands en artysten. De Fryske ambassadrise fan de frijheid is Iris Kroes. De lanlike ambassadeur fan de frijheid is Douwe Bob, hy wurdt om healwei seizen ferwachte foar syn optreden. Hy fljocht yn in helikopter fan it iene nei it oare poadium. Foar de bern is der in bernefestival yn de Prinsetún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)