Moaie winst FVC en SWS

De fuotballers fan FVC ha snein trije prachtige punten oerholden oan de wedstriid yn Wijchen tsjin Alverna. FVC wûn mei 3-0 troch doelpunten fan René Hoen (2) en Ruurd Algra. Troch dat resultaat kin FVC takom wike by winst op Snits Wyt Swart de promoasje-degradaasjewedstriden ûntrinne. Snits Wyt Swart wûn sels mei 4-0 fan Alcides. De doelpuntemakkers wiene Sean de Ruiter, Eroling Derguti, Freerk de Jong en Tjeerd Andringa. Sportklup De Jouwer gong flink ûnderút yn Meppel tsjin MSC. De thúsploech wûn mei 5-0.