Iepen hûs by Joadske huzen

Yn Ljouwert wiene snein foar it earst Joadske huzen iepensteld foar publyk. Elk dy't dat woe, koe deryn om ferhalen te hearren oer de bewenners en wat der mei harren bard is.
De Fryske haadstêd hat meardere huzen dêr't Joaden wenne hawwe. Yn de huzen wiene betinkingsgearkomsten dêr't tsjûgen, âld-bewenners en kenners fertelden oer de Twadde Wrâldoarloch. Dêr kamen in soad minsken op ôf.