Katte-opfang wreidet bot út

04 maaie 2014 - 15:06

De stifting Kat in Nood yn Drachtsterkompenije kin tenei hast trije kear safolle katten hawwe as earst. De stifting hat de lokaasje foar hast seis ton ferbouwe litte. No kinne der maksimaal 175 katten telâne.

Kat in Nood nimt katten op dy't net yn it gewoane asyl meie. Dan giet it bygelyks om sike of âlde bisten. It jild foar de ferbouwing komt fan donateurs út hiel Nederlân. Dy koene dit wykein de nijbou besjen. Inkelde hûnderten hawwe sneon en snein fan dy kâns gebrûk makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)