Fermiste sylboat fûn

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat minsken dit wykein frege om op it Fryske wetter út te sjen nei de sylboat Bintang. Op de boat wie sprake fan in mooglike bedriging. Neffens de plysje fielde ien fan de twa opfarrenden him bedrige troch de oar.
Mei help fan Boargernet hat de plysje de boat besocht op te spoaren. Dat is snein oan it begjin fan de middei slagge.