Botsing tusken fytsers

Fytspaad
Op it Ruterskertier yn Ljouwert binne yn de nacht fan sneon op snein twa fytsers opelkoar klapt. In 49-jierrige frou fytste mei in man út Ede oer it Ruterskertier, wylst in 25-jierrige fytser út Ljouwert fan de Wurdumerdyk kaam. Op de krusing fan beide strjitten fytste de 25-jierrige man rjocht op de frou yn. Hy hie it twatal net sjoen. De frou foel en rekke ferwûne oan 'e holle.
Beide fytsers hawwe in blaastest dien. Dêr die út bliken dat de man tefolle dronken hie. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.