Taksysjauffeur mishannele

Geweld © Omrop Fryslân
Twa manlju út Ljouwert binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden, omdat se in taksysjauffeur (46) mishannele hawwe soene. De twa fan 27 en 35 wiene nei de Matthias van Pellicomstrjitte brocht, mar krigen rûzje mei de sjauffeur oer de betelling. De sjauffeur rekke ferwûne oan 'e foet en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
De twa manlju binne oppakt en sitte fêst op it plysjeburo.