Finnbogason topskoarder

Alfreð Finnbogason © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Alfreð Finnbogason is dit seizoen topskoarder fan de earedivyzje wurden. Yn de wedstriid tsjin RKC Waalwijk makke er sneon syn 29e doelpunt. Dêrmei bleau er Graziano Pellè fan Feyenoord foar. De Italiaan makke 23 goals.
Finnbogason is dêrmei de tredde spiler fan Hearrenfean dy't topskoarder wurden is fan de Nederlânske earedivyzje. De earste wie Afonso Alves. Yn it seizoen 2006/2007 wie er topskoarder mei 34 goals. Twa seizoenen ferlyn wie Bas Dost de grutte man mei 32 goals.
Eins wie Klaas Jan Huntelaar de twadde. Hy skoarde 33 goals, mar ferdielde dy goals oer twa klups: 17 foar Hearrenfean en 16 foar Ajax.