Ferlies foar ONS Snits

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Yn de topklasse fan it sneonsamateurfuotbal ferlear ONS Snits de thúswedstriid tsjin in oare debutant Excelsior Maassluis mei 3-2. De Snitsers kamen troch twa goals fan gelegenheidsspits Ale de Boer noch wol mei 2-1 foar, mar yn de slotfaze fan de wedstriid makke Excelsior dien wurk. It ferlies bliuwt sûnder gefolgen, want ONS Snits spile him ferline wike al feilich. De Snitsers komme ek takom seizoen wer út op it heechste nivo.