Kolleezje yn Frjentsjer

03 maaie 2014 - 16:19

De Ryksuniversiteit Grins die sneon op syn jubileumreis de stêd Frjentsjer oan. Yn de Fryske eardere universiteitsstêd kaam de RUG-bus del. Professor Frysk Goffe Jensma joech dêryn in 'bernekolleezje'.

De universiteit fan Grins bestiet 400 jier. Dat wurdt ûnder oare fierd mei in tocht troch de trije noardlike provinsjes. De minsken mochten fragen ynstjoere en dêr waarden 400 fan útsocht. Yn Frjentsjer kaam de fraach wat no krekt it ferskil is tusken Friezen en Grinzers. Jensma joech kolleezje oer identiteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)