Brân yn sinnestudio

03 maaie 2014 - 14:27

Yn in sinnestudio oan de Sint Jakobsstrjitte yn Ljouwert hat sneon oan it begjin fan de middei koarte tiid brân west. De brânwacht fan Ljouwert sette twa auto's en in heechwurker yn om it fjoer te bestriden. Uteinlik blykte de brân gau te blussen. It gie om in brânende sinnebank. Neidat it sein brânmaster jûn wie, hat de brânwacht it gebou noch luchte.

Trefwurden: 
brân sinnebank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)