Mei KNRM de Waadsee op

03 maaie 2014 - 12:32
  • Belangstellenden stappe oan board fan KNRM-rêdingboat yn Harns
  • Skaalmodel rêdingsboat Harns makke troch 9-jierrige Björn Sietzema

De lanlike iepen dei fan de KNRM lûkt in soad minsken. It waar is goed en der is fan alles te dwaan en te besjen op de rêdingsstasjons op De Lemmer, yn Hylpen, op Lauwerseach, op de eilannen en yn Harns. Dêr wienen ek de brânwacht en de ambulânse fertsjintwurdige en de minsken mochten mei de rêdingsboat in slach oer de Waadsee meitsje mei in gong fan 60 km yn de oere. Op wâl stie in skaalmodel fan de rêdingsboat fan Harns, makke troch Björn Sietzema (9). It is de helte lytser as de echte rêdingsboat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)