Stek iepen foar ambulânse

Fryske en Drintske ambulânsetsjinsten freegje eigeners fan elektroanyske tagongsstekken om in systeem te ynstallearjen sadat de poarte iepengiet as de ambulânse deroan komt. Se skriuwe winkelsintra, soarchynstellings, bedriuweterreinen oan dy't sa'n stek hawwe om dat foarinoar te krijen.
Somtiden stean ambulânses mei de sirenes oan foar in ticht stek, omdat se gjin paske hawwe foar dat stek. It iepeningssysteem kostet 300 euro. Dat komt foar rekken fan de eigener fan it stek.