Ferwûne op de A31
In ynwenner fan Harns is yn de nacht fan freed op sneon by Menaam ferwûne rekke by in ûngelok. De man kaam mei syn auto op de A31 yn 'e berm en fleach fjouwer kear oer de kop. Hy is mei ferwûnings oan it skouder oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is ek in bloedproef dien, om te sjen oft de man ûnder ynfloed fan drugs wie.