Man fertocht fan drugshannel

© ANP XTRA
In man (41) út Drachten wurdt troch de plysje fertocht fan it hanneljen yn drugs. De man waard ein maart al oppakt, nei klachten dat der by twa hûzen yn Drachten en yn it útgeansgebiet syn drugs te keap oanbean. By ûndersyk yn it hûs fan de man fûn de plysje 13 gram kokaïne en yllegaal fjoerwurk, dat is yn beslach naam. De man is nei syn oanhâlding foar 90 dagen fêstset.