Oanjefte tsjin rapper Hozny

02 maaie 2014 - 20:43

De Snitser rapper Hozny moat him nei eigen sizzen op 13 maaie melde by de plysje fanwege de fideoklip dy't er earder makke oer PVV-lieder Geert Wilders. Yn de klip docht de rapper foarkommen dat Wilders eksekutearre wurdt. Minsken dy't meiwurke hawwe oan de klip, moatte harren neffens Hozny ek by de plysje melde. Dat betsjut dat der oanjefte dien is tsjin de klipmakkers. Oft Wilders dat sels dien hat, is net bekend. De plysje wol der gjin meidielings oer dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)