Mear ynfloed ynwenners SWF

02 maaie 2014 - 19:56

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân moatte de kommende fjouwer jier mear ynfloed krije op de plannen fan de gemeente. Dat hawwe de fjouwer kolleezjepartijen mei elkoar ôfpraten yn it nije koälysje-akkoart. Amtners fan de gemeente sille de kommende jierren earder om tafel mei bygelyks doarpsbelang of bestjoeren fan wykgebouwen. De gemeente wurdt yndield yn klusters fan bygelyks trije of fjouwer doarpen om te sjen hokker foarsjennings der foar hannen binne yn it kluster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)