Brêgen hiele dei betsjinne

02 maaie 2014 - 19:44

De provinsjale brêgen en slûzen kinne tenei de hiele dei iepen. De brêgewippers en slûswachters hawwe gjin skoft mear tusken de middei. Dat is mei harren ôfpraat. Se moatte no mear oeren wurkje, mar dat is gjin probleem, seit deputearre Poepjes. It kostet de provinsje in pear tûzen euro, mar de foardielen binne neffens har grut: gjin wachttiden mear by brêgen en slûzen en in goede promoasje foar de provinsje.

Poepjes sil no oerlizze mei gemeenten en ryk, om derfoar te soargjen dat alle brêgen yn Fryslân de hiele dei draaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)