Stedhûs Harns opknapt

02 maaie 2014 - 18:43

It stedhûs fan Harns wurdt opknapt. Dat giet yn twa etappes, omdat de yngong oan de Noorderhaven foar 1 july klear wêze moat. Dit hat te krijen mei de Tall Ships Race. It stedhûs wurdt dan brûkt foar bygelyks it offisjele wolkom fan de kapiteins, skippers en offisieren fan de float, dy út mear as 70 sylskippen bestiet. De steigers moatte dan fuort wêze. It wurk oan it achterste part fan it gemeentehûs set nei de boufak útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)