Motorklups bale fan kriminelen

02 maaie 2014 - 17:13

De motorbrânzje baalt derfan dat se yn in kwea deiljocht komme no't justysje dwaande is mei in hurde oanpak fan kriminele eleminten by guon motorklups. De plysje die tongersdei in ynfal by de Hells Angels yn Harns, dêr't úteinlik ien 'jammer' yn beslach naam is. Neffens de motorridersorganisaasjes wurde alle motorklups der no op oansjoen. In lytse groep ferpest it foar de rest, want net alle motorriders binne kriminelen. De motorferiening is benaud dat as justysje sa trochgiet, aanst ek noch de motoralvestêdetocht ferbean wurdt.

Mei in 'jammer' dy't tongersdei yn Harns yn beslach naam is, kin telefoanferkear steurd wurde en in auto frij maklik iepenbrutsen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)