Bûtenlânske ynteresse FryskLab

Foar it Fryske FabLab projekt is ynternasjonale belangstelling. It 'FryskLab' is in inisjatyf fan Biblioteekservice Fryslân. FryskLab is in âlde bus dy't omboud is ta in mobyl kennissintrum mei omtinken foar Fryske tema's as wettertechnology en duorsume enerzjy. Ferskate lannen hawwe al har ynteresse toand yn dit konsept. It projekt wurdt 9 en 10 maaie oan tal fan lannen presintearre op de Mini Maker Faire yn it Deenske Aarhus. Yn Amearika, Sweden, Italië, Spanje en Australië bestiet grutte belangstelling foar it FryskLab.