Files by rotonde De Jouwer

02 maaie 2014 - 15:20

It ferkear by de rotonde fan De Jouwer hat freedtemiddei in soad lêst hân fan in ûngelok. Mooglik hat in frachtwein op de A7 fan De Jouwer nei Snits de fytsedrager achterop in auto rekke. It ferkear op de rotonde kaam fêst te stean en op de A7 fan It Hearrenfean nei De Jouwer ûntstie in lange file. Rykswettersteat hat blokriden om it ferkear op de rotonde wer op gong te krijen. By de oanriding rekke neffens de plysje net ien ferwûne.

Trefwurden: 
plysje file De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)