Cambuur: Noch ien kear knalle

02 maaie 2014 - 12:50
  • SC Cambuur

Cambuur wol sneontejûn yn de lêste wedstriid fan it seizoen noch ien kear alles út de kast helje. De Ljouwerters spylje thús tsjin ADO Den Haag. Neffens trainer Henk de Jong wolle spilers en technyske stêf op goeie wize ôfskied nimme fan it trouwe publyk. By Cambuur rekke Elvis Manu op de lêste training blesseard oan de achillespees. Jody Lukoki is skorst. Ogbeche spilet yn de spits. Bob Schepers begjint yn de basis as ferfanger fan Lukoki. Martijn van der Laan is wer werom fan in blessuere. Ek Ritzmaier komt werom yn de basis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)