LEF wol hegere wynmûnen

02 maaie 2014 - 12:45

Alle 26 âlde wynmûnen yn de gemeente Ferwerderadiel moatte ferdwine en ferfongen wurde troch in lytser tal nije mûnen. Dy mûnen wurde dan wol in flink ein heger as de besteande mûnen. Boppedat komme se te stean yn ien of meardere klusters. Dat wol de stifting Lokale Enerzjy Ferwerderadiel. Wêr't de nije mûnen krekt komme moatte en hoefolle is noch net bekend. It bestjoer fan de stifting is fernuvere dat der no al in aksjegroep is dy't de mûnen keare wol.

De aksjegroep út Ferwert hat it doarp symboalysk te keap set om't neffens harren neat fan Ferwert oer bliuwt as der wynmûnen komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)