Wethâlders Kollumerlân bekend

Gemeente Kollumerlân
Jan Benedictus (FNP), Jelle Boerema (VVD) en Paul Maasbommel (PvdA) wurde de nije wethâlders fan Kollumerlân. FNP en VVD wienen de winners fan de ôfrûne gemeenteriedsferkiezings. Ferliezer CDA en de ChristenUnie binne bûten de boat fallen. By de FNP en de VVD wie fuortdaliks in foarkar foar gearwurking mei de PvdA, ek omdat se grut betrouwen hienen yn de al sittende wethâlder fan de PvdA. De trije wethâlders wurde takom wike tongersdei ynstalleard.