'Friezen wolle euro hâlde'

02 maaie 2014 - 12:00

In grutte mearderheid fan de Friezen fynt dat Nederlân net út de euro stappe moat. Dat docht bliken út ûndersyk fan it 1Vandaag opinypanel. Mar 31 persint fynt dat Nederlân de gûne weromhawwe moat. De measte Friezen tinke dat de euro goed is foar de Nederlânske ekonomy. Friezen binne somber oer de macht fan Nederlân yn it Europarlemint. Mear as 80 persint tinkt dat de nije parlemintsleden, dy't 22 maaie keazen wurde, mar in bytsje ynfloed hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)