Kultuersintra wurkje gear

02 maaie 2014 - 11:43

Fjouwer kulturele ynstellings op It Hearrenfean hawwe it Kultuerbedriuw Hearrenfean oprjochte. De biblioteek, Atelier Majeurs, it Posthuis teater en Museum Willem van Haren ha de gearwurkingsoerkomst woansdei oanbean oan de gemeente. Mei de gearwurking hoopje de partijen in bredere programmearring oanbiede te kinnen. Ek wurdt gearwurke op it mêd fan arranzjeminten, promoasje, ynkeap fan tsjinsten en in akademy mei learplakken en in kennisnetwurk.

Op 12 maaie wurde de plannen presintearre oan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)