Liet International yn desimber

02 maaie 2014 - 10:47
  • Liet ynternasjonaal

De tsiende edysje fan Liet International is 12 desimber yn it Noard-Dútske Oldenburg. Op dit sjongfestival foar minderheidstalen sil de winner fan it Fryske Liet Fryslân fertsjintwurdigje. Liet wurdt 5 maaie hâlden as ûnderdiel fan it Befrijdingsfestival yn Ljouwert.

Liet International is in Frysk inisjatyf dat yn 2002 foar it earst organisearre waard yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it sjongfestival troch Europa en is Liet International útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)