Nij popfestival yn Drachten

Kensington
Drachten hat der in nij festival by: Popcity. It evenemint is in spin-off fan it Dance-festival Dencity fan Poppudium Iduna. Popcity hat ek al in grutte namme fêstlein foar de earste edysje: Kensington. Dizze Nederlânske band slút Popcity op 6 july ôf yn it Thalenpark yn Drachten. Op it nije festival is sawol pop as dance muzyk te hearren. Der komme twa poadia yn it park. Takom wike sneon wurde de oare artysten bekend makke op de nije webside fan Popcity.