Trije kantoaren ABN AMRO ticht

02 maaie 2014 - 10:03
  • Jildautomaat ABN-Amro

De ABN AMRO bank slút de kantoaren yn Burgum, Easterwâlde en Wolvegea. As reden jout de bank it weromrinnend tal besikers fan de kantoaren. Op de trije lokaasjes komme jildautomaten Klanten út Wolvegea dy't noch wol persoanlik help hawwe wolle, kinne tenei op It Hearrenfean terjochte. Minsken út Burgum en Easterwâlde moatte dêrfoar nei Drachten ta. De trije fêstigingen slute yn juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)