Grouster botst op boerd
By Hjerbeam is tongersdeitemiddei in bestjoerder tsjin in ferkearsboerd botst. Op de Rykswei wie de 35-jierrige Grouster skrokken fan in automobilist dy't him temjitte kaam. Dy 29-jierrige sjauffeur út Brazilië makke in stjoerkorreksje dêr't de Grouster fan skrok en fan de dyk rekke. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.