Subsydzje foar nij iisgebou

02 maaie 2014 - 06:12
  • Gemeente Menameradiel

De iisbaan yn Berltsum moat in nij gebou hawwe. Dêrta freget de klub in subsydzje fan 15-tûzen euro oan de gemeente Menameradiel. De nijbou kostet yn totaal hast 48-tûzen euro. De provinsje hat al in bedrach tasein, lykas ferskate fûnsen. Ek kin mei wurk troch frijwilligers in soad jild útsparre wurde.

It gebou fan de iisklub wurdt net allinnich winterdeis brûkt. Yn de simmer is it pand tagonklik foar rekreative fytsers. It kolleezje fan b&w is ree om de nijbousubsydzje te jaan. Oer twa wiken mei de gemeenteried der in beslút oer nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)