Protest tsjin wynmûnen Ferwert

01 maaie 2014 - 21:39

It doarp Ferwert giet fan nije wike ôf yn de ferkeap. De aksjegroep Ferwerderadiel Tegenwind set it doarp yn de etalaazje om't se it net iens binne mei de plannen foar de bou fan in grut tal wynmûnen. De plannen soene komme fan de stichting Lokale Enerzjy Ferwerderadiel. De stichting sil nije wike tiisdei, woansdei en tongersdei har plannen presintearje op ynformaasjebyienkomsten.

De Ferwerter Aksjegroep tinkt lykwols al te witten wat de stichting wol. Se hawwe 50 'te keap' buordsjes meitsje litten en hawwe in grutte aksjekarre makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)