Gjin antibioatika, mar krûden

01 maaie 2014 - 17:16
  • Kij yn 'e greide

Fryske boeren út Haskerdiken ha nei Yndia west om in alternatyf foar antibioatika te finen. Kij wurde no noch mei antibioatika behannele as se besmet binne mei in baktearje dy't de molke ûndrinkber makket. Yn Yndia genêze se de kij ek mei krûden.

It klearmeitsjen fan sokke krûden kostet lykwols in soad tiid en dat jildt ek foar de behanneling fan de kij. Der moat noch in soad ûndersocht wurde om it brûken fan krûden ynteressant te meitsjen foar Fryske boeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)