Gesin Bakkefean herstelt goed

01 maaie 2014 - 16:27

It giet nei omstannichheden goed mei it gesin yn Bakkefean dat tongersdei fergiftige rekke troch koalmonokside. Dat meldt WoonFriesland, dy't eigener is fan de hierwenning. Alle fiif slachtoffers binne wer út it sikehûs. Foar harren wurdt ferfangjende wenromte socht. In bedriuw út Makkingea sil ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de fergiftiging.

WoonFriesland lit Energiewacht útsykje oft huzen yn de omjouwing yn Bakkefean mooglik itselde probleem hawwe. It resultaat fan de ûndersiken wurdt nije wike ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)