Tsjûgen fan achterfolging

01 maaie 2014 - 15:36

Der hawwe har oant no ta fjouwer tsjûgen by de plysje melden nei oanlieding fan de wylde achterfolging woansdei yn Ljouwert. In 27-jierrige ynwenner fan Oentsjerk ried doe mei hege snelheid troch Ljouwert om úteinlik by de Vierhústerwei oanhâlden te wurden.

By de fjouwer tsjûgen sitte minsken dy't hast oanriden wiene troch de Oentsjerkster of dy't skea oan de auto oprûn ha. De plysje siket noch mear minsken dy't wat sjoen ha. De man sit noch hieltyd fêst. Him kin poging ta deaslach te'n lêste lein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)